Lêste dei fiskfrou Sinnema

31 des 2012 - 16:43

Nei 52 jier nimt Greetje Sinnema ôfskied fan har klanten en ferkeapet se de lêste fisk. Se begûn 52 jier lyn by har heit en broer yn de fiskkream op it Hoeksterein yn Ljouwert, achter it gasfabryk. Dêrnei wie se jierren ferkeapster yn in eien kream yn in supermerk oan it Cambuurplein. De lêste jierren wie se in fertroud gesicht yn de Poiesz oan de Wilgenstrjitte yn Ljouwert.

Op har lêste wurkdei wurdt se bedoarn troch de klanten. Se bringe kadootsjes en skriuwe ôfskiedswurden yn in boek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)