Ein yn sicht foar Gouden Leeuw

31 des 2012 - 16:13

Der komt in ein oan de permaninte útstalling fan û.o. Fryske kostúms en earizers yn museum de Gouden Leeuw yn Noordhorn. It museum bestiet hast 20 jier, mar eigener en Fries om utens Sytze Pilat kin it yn ferbân mei syn sûnens net mear dwaan. Syn museum hat in hiele grutte en komplete kolleksje kostúms út de perioade 1750 oant 1920.

De Gouden Leeuw sit yn in monumintale doarpsherberch. It gebou stiet yntusken te keap, mar pas as der in keaper fûn is, giet it echt ticht.

Pilat wol in diel fan de kolleksje slite oan oare sammelers, inkele topstikken hâldt er foarearst sels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)