Karbidknallen foar Vitto

31 des 2012 - 15:26
  • It karbidkanon fan Drylts

Yn Drylts hat de karbidploech in bysûnder earbetoan brocht oan de ferstoarne maat Bernardo Vitto fan Wâldsein. Vitto kaam begjin july mei syn frou en soantsje om it libben by in gasekploazje yn Súd-Italië.

Vitto wie in grut leafhawwer fan karbidsjitten. Hy hat jierren as kameraman belutsen west by it karbidsjitten yn Drylts. Syn maten fûnen dêrom dat se op âldjiersdei in bysûnder earbetoan organisearje moasten. Famyljeleden en freonen fan Vitto hawwe de salútskotten lost.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)