Jan Vlap fan ONS nei Dronten

© awfoto.nl
Jan Vlap fan ONS Snits wurdt haadtrener fan fuotbalklup ASV Dronten. It bestjoer sil Vlap op 2 jannewaris op de nijjiersresepsje presintearje. ONS Snits stiet boppe-oan yn de haadklasse C. De Snitser wie trije jier trener by ONS, mar wûn gjin prizen. Dronten is in nije útdaging en karriêretechnysk sjoen in stap heger. Vlap is in âld-Hearrenfeanspiler en wie earder trener by Burgum en Frisia.