9500 kear romte foar de Omrop

31 des 2012 - 12:56

Al 9500 minsken hawwe in hantekening setten op de webside romtefoaromropfryslan.nl. De webside is sûnt 15 desimber yn de loft en is in inisjatyf fan de FNP, de Ried fan de Fryske Beweging en de Freonen fan Omrop Fryslân. De organisaasjes binne skrokken fan de útkomsten fan it mediadebat yn de Twadde Keamer fan desimber. Dêr waard dúdlik dat steatssiktaris Dekker de regionale omroppen yntegrearje litte wol yn de lanlike publike omrop.

Undertusken is der in moasje oannommen dy't de Omrop fanwge it Frysk toch in bysûndere status jaan wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)