Harnzer mei auto yn de sleat
In 40-jierrige Harnzer moast sneintemoarn yn De Glind yn Gelderlân syn rydbewiis ynleverje. De man waard oanhâlden doe't hy op de dyk rûn. Hy wie by syn auto weigien, doe't er dêrmei yn de sleat bedarre wie.
De plysje konstatearre dat de Harnzer tefolle dronken hie. Hy krige in proses-ferbaal en moast syn rydbewiis ynleverje.