125.000 oaljekoeken bakke

30 des 2012 - 21:50
  • Oaljekoek

It bedriuw Venema Foods fan Snits moat 125.000 oaljebollen bakke. Dy moatte foar't de winkels moandei iepengean yn de skappen lizze fan supermerkketen Poiesz.

Venema hat in spesjale masine ûntwikkele dy't 10.000 oaljebollen yn it oere bakke kin. De kwaliteit is goed: It bedriuw wûn yn novimber de priis foar de bêste oaljebol op in fakbeurs yn Drachten..

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)