Ter Mors pakt allround titel

Shorttrackster Jorien ter Mors hat snein har debút op it NK allround yn Thialf bekroand mei in nasjonale titel. De rydster út Enschede, dy't al rom 5 jier op It Hearrenfean wennet, wûn 3 fan de 4 ôfstannen. Allinnich de oerwinning op de startôfstân de 500 meter gong oan har noas foarby, en waard wûn troch Ireen Wüst. Ter Mors pakte ferfolgens de winst op 3000 meter, de 1500 meter en de 5 kilometer. Op de slotôfstân klokte Ter Mors in winnende tiid fan 7.06,79. Diane Valkenburg waard mei 7.06,98 twadde, Wüst einige as tredde yn 7.08,65.
Ter Mors nimt de nasjonale titel oer fan Marrit Leenstra, dy't dit wykein net yn aksje kaam. Ireen Wüst einige yn it einklassemint op it twadde plak, Diane Valkenburg waard tredde. Antoinette de Jong fan Rottum waard fyfde yn it einklassemint. It 17 jierrige talint sil op 11, 12 en 13 jannewaris oan it EK yn Thialf meidwaan no't kampioene Jorien ter Mors besletten hat om dêr net te riden. Yn ferbân mei it EK shorttrack yn Sweden in wike letter past it EK allround net.