Kramer nimt kopposysje oer

30 des 2012 - 15:12
  • Sven Kramer, NK Allround, Thialf

Op wei nei syn fyfde nasjonale titel hat Sven Kramer snein by it NK allround ferrassend de winst pakt op de 1500 meter. Yn de lêste rit wûn Kramer yn in rjochtstreeks duel fan konkurrint Jan Blokhuijsen. Sven notearre in tiid fan 1.46.19, wylst Blokhuijsen net fierder kaam as 1.46.85. Renz Rotteveel waard tredde mei in tiid fan 1.47,84.

Kramer moast 0,57 sekonden goedmeitsje op Blokhuijsen om de lieding oer te nimmen. Mei de ôfslutende 10 kilometer noch te gean, stiet er 0,64 sekonden los fan syn konkurrint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)