Wüst twadde op 1500 meter

30 des 2012 - 14:14

Ireen Wüst is snein twadde wurden op de 1500 meter by it NK allround yn Thialf. Yn in rjochtstreeks duel mei Jorien ter Mors moast de Olympysk kampioene belies jaan. Ter Mors wûn yn in persoanlik rekôr fan 1.56.34. Wüst waard twadde yn in tiid fan 1.56.89, Linda de Vries einige as tredde yn 1.57.73.

Mei de winst fersteviget Ter Mors har liedende posysje yn it klassemint. Wüst moat op de ôfslutende 5 kilomteter 5,65 sekonden goed meitsje op de Twentske shorttrackster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)