Fjoerwurkoerlêst yn Fryslân

30 des 2012 - 14:01
  • (fotofoarbyld)

De plysje hat sneon út hiel Fryslân wei meldings hân fan fjoerwurkoerlêst. Yn ferskate plakken binne persoanen oansprutsen op har gedrach en is fjoerwurk yn beslach nommen. Yn de measte gefallen gie it om minderjierrigen dy't legaal fjoerwurk ôfstutsen dat se earder kocht hiene. Mar der wiene ek bern mei yllegaal fjoerwurk lykas nitraatbommen. In tal jongeren hie in grutte mûle tsjin de plysje. De measten krije in HALT-trajekt oanbean. Yn de Fruitstrjitte yn Ljouwert wiene by in flatgebou inkele brievebussen opblaasd mei swier fjoerwurk.

In 21-jierrige Burgumer smiet sneontejûn swier fjoerwurk út de foardoar op strjitte. Plysjes trappearren de man en namen yn totaal 120 nitraatbommen yn beslach. De man krige proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)