Spul yn Peins, frou ferwûne

Boeien © ANP XTRA
In 34-jierrige frou út Peins is sneontenacht oanholden yn in hoarekagelegenheid yn har wenplak. Se wurdt derfan fertocht in 39-jierrige doarpsgenoate ferwûne te hawwen mei in drinkglês. De plysje krige in melding dat der spul wie en dat in frou ferwûne rekke wie. De 39-jierrige is mei ferwûnings oan it gesicht nei it sikehûs brocht. De fertochte is meinommen nei it buro.