Ljouwerter mei mes oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontejûn in 42-jierrige Ljouwerter oanholden op it Hoeksterpaad yn Ljouwert. De man gedroech him ferfelend by in groepke jongeren. Sa besocht er in famke te ferlieden mar dy moast dêr neat fan hawwe. In jonge fan 17 jier út Stiens sei dat de man fuortgean moast. Dy pakte doe in mes en bedrige de 17-jierrige dermei. In warskôge plysje-agint spruts de man derop oan. Dy joech syn mes ôf en is ynsletten foar ferhoar.