Himpplantaazje yn Easterwâlde

30 des 2012 - 12:14
  • Himp

Yn in hûs oan Het Hoge Stuk yn Easterwâlde is sneontejûn in himpplantaazje ûntmantele. De plysje wie nei it hûs tagien omdat it fermoeden bestie dat yn yllegaal fjoerwurk hannele waard. Dêrfan waard mar ien pakje fûn. Wol wiene der twa lytse kwekerijen mei yn totaal hast 120 himpplanten. Dy binne yn beslach naam. Ek is de byhearrende apparatuer meinaam. De 53-jierrige bewenner is oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)