Man stiet mei mes te swaaien

30 des 2012 - 12:08

In man dy't yn 'e war wie, is sneontejûn oanhâlden omdat er by in hûs oan de Emmakade yn Ljouwert mei in mes stie te swaaien. Ek goaide er mei flessen. De plysje waard warskôge troch de bewenners fan it hûs. Dy plysje hat de man foar fierder ûndersyk meinaam nei it buro. It giet om in 39-jierrige Ljouwerter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)