Plysje ûndersiket ynbraken

30 des 2012 - 11:33

De plysje ûndersiket twa ynbraken yn Frjentsjer en ien yn Berltsum. Ut in hûs oan de Schalsumerwei yn Frjentsjer waarden ferskate sieraden meinaam. Ek yn in hûs oan de Marten van der Helmstrjitte yn de stêd waard ynbrutsen. Wat dêr mist, is noch net dúdlik. Yn Berltsum waard ynbrutsen yn in hûs oan de Hofsleane, ek dêr is noch net dúdlik wat der fuort is. Yn alle gefallen wiene de bewenners in tal dagen net thús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)