Kampioen Rixt Meijer no tredde

29 des 2012 - 22:16
  • Rixt Meijer, KPN Marathon Cup, Enschede

Nasjonaal kampioen maraton Rixt Meijer gong sneontejûn yn de tolfde wedstriid om de KPN Maraton Cup hast op werhelling. Yn Enschede begûn de finale mei sân froulju mei in rûntsje foarsprong. Yn dy einstriid naaide Meijer út. Op de lêste meters waard se dochs noch ynhelle troch de Italiaanse Francesca Lollobrigida en Mariska Huisman, de liedster yn it klassemint. Foar Lollobrigida, dy't in wike lyn allround kampioen fan Italië waard, wie it de tredde winst op de maraton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)