Sven Kramer wint 5000 meter

29 des 2012 - 17:39

Mei in nij baanrekôr hat Sven Kramer sneon de 5000 meter wûn op it NK allround yn Thialf. De tiid fan 6.10,37 wie lykwols net genôch om nei twa ôfstannen de kopposysje te pakken. Dêrfoar moast Kramer 3,7 tellen goedmeitsje op Jan Blokhuijsen en dat slagge net. Blokhuijsen waard twadde yn 6.12,19 en dat wie foldwaande foar it earste plak nei de earste dei. Bob de Jong einige as tredde op de 5 km yn 6.20,37. Douwe de Vries waard seisde yn 6.32.67.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)