Ter Mors ien, Wüst twa op NK

29 des 2012 - 15:14
  • Ireen Wüst

Shorttrackster Jorien ter Mors giet nei de earste dei fan it NK allround yn Thialf ferrassend oan de lieding. Se waard twadde op de 500 meter (39.56) en wûn de 3000 meter yn 4.03.91. Ireen Wüst stiet nei winst op de 500 meter (39.52) en in tredde plak op de 3000 meter (4.06.44) twadde yn it klassemint. Trijefâldich Nederlânsk kampioen Wüst moat snein op de 1500 meter 1,15 op Ter Mors goedmeitsje. Diane Valkenburg is de tredde yn de tuskenstân. Dêrachter stride Linda de Vries, Marije Joling en Antoinette de Jong om it fjirde EK startplak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)