J ferfangt Swan yn skûtsje

29 des 2012 - 14:45

Unbekenden hawwe freedtenacht de ferljochte swan yn de mêst fan ien fan de Langwarder skûtsjes omruile foar de J fan De Jouwer. Dat meldt Skarsterlânnieuws. It skûtsje, eigendom fan de Stifting Skûtsjes Doniawerstal, leit mei de feestdagen yn de âlde haven fan Langwar. De stunt hat mooglik te krijen mei de diskusje oer it Jouster skûtsje. Dat kin dit jier mei de feestdagen net yn it Jouster sintrum lizze om't it oanpast wurde moat oan de nije regels fan it SKS. In riedslid hie sein dat dan wol in Langwarder skûtsje yn De Jouwer lizze koe.

Dy suggestje foel net oeral goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)