Gjin wurdearring 'grap' Derek

29 des 2012 - 14:28

Wêr is Derek? Dy fraach hâldt hûnderten fans op Facebook en Twitter yn de besnijing. It draafhynder dat troch de sportredaksje fan Omrop Fryslân rêden is fan de slacht is sûnt twa dagen spoarleas. Trainster Sjoukje Wagenaar makket har soargen. Tocht wurdt dat it giet om in âldjiersstunt, mar de measten kinne dy grap net wurdearje. Fuort nei't bekend wurdt dat Derek net mear yn syn stâl stiet komme der in soad lulke reaksjes op social media. Om't it de tiid fan de âldjiersstunts is, is der hope dat Derek op 1 jannewaris wer 'boppe wetter' komt.

Trefwurden: 
Derek Buitenzorg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)