Sven Kramer 5de op 500 meter

29 des 2012 - 14:18
  • Sven Kramer

Sven Kramer is sneon op de 500 meter op it NK Allround yn Thialf fyfde wurden yn in tiid fan 36,66. Hy moat no letter op de dei op de 5000 meter 3,7 sekonden goedmeitsje op syn grutste konkurrint, Jan Blokhuijsen. Dy ried 0,37 tellen hurder en waard twadde op de 500 meter. In oare konkurrint, Koen Verwey, gie ûnderút. Lucas van Alphen waard earste yn 36,17.

By de froulju wûn Ireen Wüst de 500 meter yn 39,52. Jorien ter Mors waard twadde yn 39,56 en Diane Valkenburg tredde yn 39,97.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)