Mear Fryske readbûnten nedich

De populaasje fan it readbûnte Fryske fee moat de kommende jierren groeie nei in goed tûzen oant fytjinhûndert froulike bisten. Dat is it doel fan stifting Roodbont Fries vee. Op it stuit binne der noch mar 350. Dêrmei sit it ras noch altyd yn de gefaresône. Der komme no meardere foklinen. Sa moat yntylt foarkommen wurde. Troch fierder in fertsjinwurdiger by de boeren lâns te stjoeren moat it slagje de populaasje groeie te litten, sa tinkt stifting Roodbont Fries vee.