Nitraatbommen yn beslach naam

29 des 2012 - 09:55
  • Nitraatbommen

In 24-jierrige man út Kollumersweach is freedtejûn syn foarried yllegaal fjoerwurk kwytrekke. De man waard yn De Westereen op 'e died trapearre doe't er ferbeane nitraatbommen ôfstuts.

Hy hie noch trije bommen by him en sei tsjin de plysje dat er thús nochris 73 lizzen hie. De nitraatbommen binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)