Sykaksje om scootmobyl

© Foto Anton Kappers
De helptsjinsten yn Ljouwert hawwe freed grut alarm slein om in ferlitten skootmobyl op de brêge yn it Cambuursterpaad. Om't tocht waard dat de eigener yn it wetter fallen wie, waarden dûkers fan de brânwacht ynsetten om ûndersyk te dwaan. Ek de plysje en in ambulânse waarden oproppen.
Doe't de sykaksje al efkes geande wie, kaam it berjocht dat de eigener thús siet. Hy hie it stikkene skootmobyl stean litten. In bedriuw soe it skootmobyl ophelje om te meitsjen.