'Feiling is ferrassing'

28 des 2012 - 18:01

Boubedriuw Friso is ferrast troch it berjocht dat de Rabobank de grûn en de loads fan de stifting Stoomtrein Fryslân feile wol. It boubedriuw is dêr yn it foar net fan op 'e hichte brocht. De bank wol de perselen yn Starum en Snits op 8 jannewaris ferkeapje op in feiling.

It sil in yngewikkelde feiling wurde, want it boubedriuw hat retinsjerjocht festige op de remise. Dat betsjut dat it fan him is salang't der net betelle wurdt. In wurdfierder fan Friso hopet dat de bank noch foar de feiling mei alle partijen om de tafel wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)