Gearkomsten oer cyberpesten

De belangstelling foar de spesjale gearkomsten fan de Fryske plysje oer cyberpesten is de ôfrûne wiken bot tanaam. De grutte taname komt nei alle gedachten troch alle media-oandacht foar it probleem, sûnt twa jongeren harsels tekoart dien hawwe. Se koene it net langer oan om sa pest te wurden. Dat bart neffens de plysje hieltyd faker thús, op de eigen kompjûter of de eigen smartphone.
Ien op de tsien bern wurdt pest op ynternet. Dat docht bliken út lanlike sifers fan de plysje. Heiten en memmen witte faak fan neat.
De âlden witte net op hokker sosjale platfoarmen harren bern aktyf binne en ek net mei wa't de bern kontakt hawwe. Dêrom rjochtet de plysje him yn de gearkomsten benammen op de âlden, seit Jan Douwe Grevink fan de Plysje Fryslân.