Fjoerwurkferkeap úteinset

28 des 2012 - 15:18

Belangeferiening Pyrotechnyk Nederlân fan de fjoerwurkbrânsje ferwachtet dat dit jier foar 75 miljoen euro oan fjoerwurk ferkocht wurdt. Dat is 5 miljoen euro mear as ferline jier. De ferkeap is freed fan start gien. By JP Vuurwerk yn Snits gean se foar in omset fan 100.000 euro. Sy moatte it fan it fjoerwurk hawwe. Der binne ek ûndernimmers yn Fryslân dy't it der as ekstra hannel by dogge.

De fjoerpylken en de knallers meie pas fan âldjiersdei 10 oere moarns ôf ôfstutsen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)