Jan Ploeg: 'Jild ynvestearje'

28 des 2012 - 11:32

Fryske steateleden en provinsjale bestjoerders witte net wat se mei oardel miljard op de bankrekken oan moatte. It jild fan ûnder oare de Nuon-oandielen moat brûkt wurde foar ynvestearings yn de ekonomy. Dat seit âld-deputearre Jan Ploeg (CDA).

Om de bou te stimulearjen moat de provinsje mei wenningkorporaasjes ôfspraken meitsje oer renovaasjes. It jild moat no ek wol útjûn wurde, seit Ploeg, want de wet HOF giet aanst yn. Provinsjes moatte it jild dan stalle by it ryk mei amper rinte. It kin dan ek net mear samar útjûn wurde.

Trefwurden: 
provinsje Nuon Jan Ploeg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)