Heechste mobile reuzerêd

Saakkundigen út Heech en Sint Nyk hawwe meiwurke oan it heechste ferfierbere reuzerêd fan 'e wrâld. Dat is 77,5 meter heech en wurdt op dit stuit úttest yn Dútslân. Doel is dat der dêrnei noch fjouwer fan makke wurde, foar Amearika, Azië en Australië.
It idee foar it rêd komt fan in ûntwerper út Den Haach, dy't foar de fierdere útwurking de fjouwer Friezen frege hawwe. Mei-elkoar hawwe se fiif jier mei it rêd dwaande west. It âlde rekôr stiet op namme fan in Dútske merkeman mei in mobyl reuzerêd fan 60 meter heech.