Nije sponsor foar Leenstra

28 des 2012 - 07:45
  • Marrit Leenstra is nasjonaal kampioene op de tûzen meter

Team Van Veen mei reedrydster Marrit Leenstra fan Wikel hat krekt op 'e tiid in ko-sponsor fûn. Coach Van Veen hie himsels oant 1 jannewaris jûn om in nije jildsjitter te finen. Dat is slagge mei sportdrankefabrikant Aquadraat Sports. Troch de komst fan de nije sponsor kin it rinnende seizoen ôfmakke wurde. Offisjeel moatte de riders de oerienkomst noch goedkeure, mar neffens Van Veen is der gjin alternatyf. Neist Leenstra sit ûnder oare Koen Verweij yn it team.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)