Ljouwerter fermist yn bergen

De tritichjierrige Ljouwerter Steve van Houten wurdt fermist yn de Pyreneeën. Hy gong op 25 novimber de bergen yn en kaam net mear werom. Der wurdt noch hieltyd nei him socht en ynkoarten sille de Frânske en Spaanske media oandacht besteegje oan de saak.
Steve brûkte pillen omdat hy psychyske klachten hat. Hy gong sa no en dan nei de bergen ta om by te kommen. Der wurdt tocht oan in ûngelok, mar der binne ek oare opsjes mooglik. Eliza van Houten, syn suster, wol graach witte oft ien noch kontakt mei him hân hat.