Tûzenen Friezen ha kinkhoast

27 des 2012 - 19:03

It ôfrûne jier ha fiif kear safolle minsken kinkhoast krigen as eardere jierren. Der binne in pear tûzen Friezen siik wurden, har klachten hâlde ek langer oan. De epidemy wie yn de simmer op syn hichtepunt. By kinkhoast hat men slimme hoastbuien, foar poppen kin it gefaarlik wêze.

De measte minsken binne yninte tsjin de sykte mei de DKTP-prik. Wittenskippers tinke dat de baktearje mei de jierren feroare is en dat minsken dêrom dochs siik wurde. Tsien jier lyn is dêrom in nij faksin yn gebrûk naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)