Sike-omrop NW-Fryslân hâldt op

27 des 2012 - 17:34
  • Oprjochter Jochum Politiek fan sike-omrop fan Noardwest Fryslân

Nei 34 jier komt ein desimber in ein oan de sike-omrop fan Noardwest-Fryslân. Yn de bloeitiid stjoerde de omrop út yn fersoargingshuzen yn Harns, Tsjummearum, Wytmarsum, Tsjom en Frjentsjer. De lêste tsien jier wiene der allinnich noch harkers yn dy lêste twa plakken.

It grutste probleem is dat der hege kosten makke wurde moatte om de studio oan te sluten op de nije digitale kabel yn de fersoargingshuzen. Fierders hat Saxenoord de studioromte eins oars nedich.

Wat ek meispilet is dat de bewenners fan de fersoargingshuzen tsjintwurdich yn trochsneed âlder binne as foarhinne. Dêrtroch hawwe se minder ferlet fan radio en televyzje. Nei de lêste útstjoering, freed, wurdt de studio yn Saxenoord leechhelle en de apparatuer wurdt ferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)