Abma wer nei Syrië foar help

27 des 2012 - 15:14

De helpaksje Don't forget Syria fan Fries om utens Wiebe Abma súksesfol. Yn in lyts skoftke tiid is mar leafst 10.000 euro oan jild jûn. De aksje is in pear wike ferlyn opset troch Abma, dy't sels yn Syrië west hat om dêr hûndert tekkens út te dielen. Dy hie er út eigen bûse betelle.

Doe't er weromkaam, hat er de nije aksje opset. Abma sil freed opnij nei Syrie ta om help te jaan. Dizze kear giet it net allinnich om tekkens, mar ek om oare help lykas medisinen en iten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)