Burgumer slacht plysjeman

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in 25-jierrige Burgumer oanhâlden nei't dy in plysjeman mishannele hie. De plysje bemiddele by in rûzje yn de Ljurkstrjitte yn Drachten, doe't de man him dermei bemuoide. In plysjeman en twa manlju foelen dêrby op de grûn. De fertochte sloech de plysjeman tsjin de holle en naaide út.
Mei help fan tsjûgen is de Burgumer letter oanhâlden. Hy sit noch fêst. De plysje wol graach dat oare tsjûgen harren ek melde.