Radiomaraton yn Droegeham

27 des 2012 - 12:30

Radiopiraten De Vrolijke Strijders hâlde dit jier foar sechstjinde kear in maraton. Ut De Fakkel yn Droegeham wei stjoere se mei in legale stjoerder út op 107.4 FM. Mei in yllegale oare stjoerder wurdt dat sinjaal fersterke, sadat it bûten Fryslân ek te hearren is.
De piraten hawwe sûnt it begjin fan 'e maraton, ferline wike, mear as sânhûndert sms'kes mei fersykjes krigen.

De Vrolijke Strijders stjoere noch oant en mei âldjiersdei seis oere út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)