Krystkongres foar 80e kear

Santich Fryske studinten binne byinoar yn Frjentsjer foar it tradisjonele Krystkongres fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings. It giet om de 80e edysje. De lokaasje is lykas fanâlds De Bogt fan Guné, de âldste studinteherberch fan Nederlân.
It tema fan it lustrumkongres is de takomst fan it Frysk. Wittenskipper Goffe Jensma, Jelle Bangma fan it Taalsintrum Frysk en deputearre Johannes Kramer litte dêr harren ljocht oer skine. Nei it offisjele part is der ek noch in kabaretkriich en de ferneamde bierkriich en frikandelkriich.
De studinten waarden lykas altyd ûntfongen op it stedhûs fan de eardere Akademystêd, no troch boargemaster Fred Veenstra. Der binne noch mar trije Fryske studinteferienings dy't op dit Krystkongres oanwêzich binne: Bernlef út Grins, Tsjerk Hiddes út Enschede en WSSF út Wageningen. Yn it ferline wiene dat mear ferienings, bygelyks út Amsterdam, Delft, Leiden en Utert.