Ynbraken op twadde krystdei

Audi RS6 © Wikipedia
Op twadde krystdei is yn Fryslân yn sân huzen ynbrutsen. By in ynbraak yn Aldegea Smellingerlân is nachts in Audi RS6 út in hok stellen. It giet om in swarte stationwein út 2004 mei kenteken 60-NTB-9. De Audi RS6 is in rappe, djoere auto. In nij eksimplaar kostet mear as 150.000 euro.
Fierders is der ynbrutsen yn Ljouwert, Sint Anne, Aldskoat en Skearnegoutum. De bút bestie út jild, sieraden in televyzje en in laptop.