Portier mishannele yn Ljouwert

27 des 2012 - 10:03
  • It Ruterskertier yn Ljouwert

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei op it Ruterskertier yn Ljouwert trije Ljouwerters oanhâlden nei't se in portier mishannele hiene. It giet om trije jonge manlju fan 17, 18 en 20 jier.

Kollega's fan de portier koene de dieders oanhâlde. Se hâlden it agressive trio fêst oant de plysje kaam. De 17-jierrige jonge misledige in plysje.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)