Ingmar Berga kampioen maraton

Ingmar Berga út Hoogeveen is woansdei yn Utrecht Nederlânsk kampioen maratonriden op keunstiis wurden. De reedrider fan trainer Jillert Anema syn BAM-ploech wie de rapste fan in kopgroep fan fjouwer. It suvler gie nei Bart de Vries, de jongere broer fan Bob, krekt foar Jouke Hoogeveen. Jorrit Bergsma waard sechsde, Arjan Stroetinga sânde.