Woudagemaal ek freed iepen

26 des 2012 - 16:18

It Woudagemaal op De Lemmer bliuwt freed ek noch ûnder stoom. Earder wie it Wetterskip Fryslân fan plan om it gemaal tongersdei út te setten. Mar trochdat it wetter yn de boezem noch altyd 5 sintimeter te heech stiet, bliuwt it needsaaklik om wetter fuort te pompen. It gemaal waard moandei opstart.

It wurkjende gemaal lûkt in hiel soad belangstellenden. Tiisdei stiene der lange rigen besikers en ek woansdei wie de wachttiid seker twa oeren.

It besikerssintrum fan it histoaryske Woudagemaal op 'e Lemmer wol graach mei faasje oan de slach mei it oanlizzen fan in grutter eigen parkearplak. No moatte de besikers parkeare by de rûnwei en bedriuwen yn de buert. Konkrete plannen binne der noch net, mar it besikerssintrum wol alfêst by alle grûneigners dúdlik meitsje dat der belangstelling bestiet foar mear romte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)