Man rydt troch nei ûngelok

26 des 2012 - 13:21

De plysje hat tiisdeitejûn yn Oerterp in 50-jierrige automobilist út Ferwert oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht dat er ûnder ynfloed in oanriding feroarsake hat. In ynwenner fan Oerterp waard op de N381 fan achteren oanriden, de fertochte ried dêrnei troch. De plysje koe him letter oanhâlde yn in wenning oan de Nije Streek. It die bliken dat de man tefolle dronken hie. Dêrneist ried er yn in ûnfersekere auto wêrfan't de APK ferrûn wie en ek wie syn riidbewiis ûnjildich ferklearre.

Trefwurden: 
ûngelok Oerterp Ferwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)