Ljouwert tige wiet dit jier

Ljouwert hat ien fan de wietste plakken fan ús lân west dit jier. Dêr foel yn totaal 1050 mm delslach en dat is 200 mm mear as gewoan. Dat meldt WeerOnline yn it oersjoch fan it waar fan 2012. Hiel Fryslân wie wiet yn it hast ôfrûne jier. Neffens WeerOnline brocht it jier in protte sinneskyn en dus ek in protte reinwetter. In flinke froastperioade soarge begjin dit jier foar 13 iisdagen, mei hast in Alvestêdetocht yn febrewaris.