Min jier Fryske meubelsaken

26 des 2012 - 12:46
  • Meubelbûlevaar Wolvegea

De Fryske meubelwinkels hawwe in dramatysk jier efter de rêch en ek yn it nije jier wurde wer 10 falliseminten en twongen slutingen ferwachte. Dat seit brânsj-organisaasje Mitex. Dit jier moasten bygelyks bekende saken as Resi Wonen yn Wommels en Post Ynterieur yn Ljouwert de doarren slute. Al foar it fyfde jier op rige lit de omset fan de meubelsaken in delgong sjen. Dit jier is dat 10 persint. In soad meubelwinkels binne op Twadde Krystdei iepen. De measte minsken wurde ferwachte op de grutte meubelbûlevaar yn Wolvegea.

Dêr hoopje se op 6000 oant 7000 besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)