Fernielerij op 'e Lemmer

26 des 2012 - 10:55
  • Geweld

De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei op De Lemmer in 18- en in 21-jierrige ynwenner fan Rutten oanhâlden. Se wurde fertocht fan it fernielen fan in fyts en it mishanneljen fan in 46-jierrige portier. De man fan 21 wie út in disko setten, omdat er klierich wie. Op 'e dyk joech er de portier in kopstjit. Syn maat fernielde ûndertusken in fyts dy't neist de diskoteek stie. Beide manlju waarden oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo, dêr is proses-ferbaal opmakke. De 46-jierrige portier hat oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)