Mear fjoerwurk ferkocht

De ferkeap fan fjoerwurk sit yn Fryslân yn de lift, nettsjinsteande de krisis. De ferkeap begjint net earder as freed, mar bestellingen fia ynternet litte in stiging fan mar leafst acht persint sjen. Foar Fryslân soe de groei op fjouwer of fiif persint delkomme. Dat is de ferwachting fan fjoerwurkprodusint Schuurmans yn Ljouwert. Dat minsken dit jier mear fjoerwurk keapje, soe komme trochdat der no swierder fjoerwurk ferkocht wurde mei. Yn it legale guod sit tsjintwurdich mear krûd en dat soarget foar in moaier effekt en in swierdere knal.