Spoar fan fernielings Ljouwert

26 des 2012 - 09:52
  • stikken autorút
  • stikken autorút
  • Fernielerij Ljouwert

Unbekenden hawwe yn de nacht fan earste op twadde krystdei yn Ljouwert in spoar fan fernielings achterlitten. Op it Stasjonplein wie in fyts op in auto smiten. Doe't de plysje dêr kaam, wie der gjin spoar fan de dieders. Doe kaam der in melding dat der twa jonges op de Nije Hollanderdyk oan it fernielen wiene. Dêr yn de buert binne spegels fan auto's trape en autoruten fernield mei strjitstiennen.

Ut in tún waard in byld stellen en dat lei in pear huzen fierder stikken yn in oare tún. De omfang fan de skea is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)