Wachtsje foar Woudagemaal

Wachtrige foar it Woudagemaal © Johan Boesjes
By it Woudagemaal op 'e Lemmer stiet op earste krystdei in lange wachtrige. It antike gemaal is fanwege de hege wetterstân ûnder stoom brocht en besikers kinne no ek echt sjen hoe't it wurket. Se kinne pas nei twa oeren it gemaalgebou yn. Fan dy twa oeren stean se sawat ien oere yn de rige. De oare oere is der útlis yn it besikerssintrum.
It gemaal is twadde krystdei, tongersdei en freed ek noch yn wurking te besjen. De direksje ropt Fryske besikers op om foaral betiid te kommen. Se binne fan 09.30 oere ôf al wolkom.
It Woudagemaal is iepen fan 10.00 oant 17.00 oere. Nei freed is it ek iepen, mar dan is it gemaal net mear ûnder stoom. De wachtsjende besikers hawwe alle begryp foar de drokte. Se moatte bûtendoar yn 'e rige stean, mar kinne dan wol de húskes brûke. De direksje tinkt deroer om in yt- en drinktintsje bûtendoar te ynstallearjen, in soart Koek en Zopie.