Bestelbus Aldehaske útbaarnd

25 des 2012 - 13:42
  • Bestelbus útbaarnd yn Aldehaske

De brânwacht moast op earste krystdei yn Aldehaske yn aksje komme foar in brân yn in bestelbus. Dy stie njonken in loads oan de Appelhof. Doe't de brânwacht oankaam, stie de kabine yn ljochte lôge.

De bus stie fier genôch fan it gebou ôf om foar te kommen dat it fjoer oersloech. In oare bestelbus dy't flakby de brânbus stie, hie skea troch strielingswaarmte. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Gjinien rekke ferwûne by de brân.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)